Steandwantfiskje dochs tastien

24 apr 2012 - 08:11

Steandwantfiskjen foar fiskers op de Waadeilannen bliuwt dochs mooglik. Der moat dan sprake wêze fan histoarysk of besteand âld gebrûk. It giet om in útsûnderingsposysje foar kustgemeenten oan de Noardsee.

As dizze gemeenten oanspraak meitsje wolle op de bysûndere posysje, moatte se dat foar 15 maaie melde by it ministearje fan ekonomyske saken. Dat stiet yn in brief fan steatssekretaris Bleker. Steandwantfiskjen is it fiskjen mei steande netten lykas fûken. It is in âlde eilanner tradysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)