Auto rekket troch glêdens yn de sleat neist Lauwersseewei

© De Vries Media
De plysje warskôget ek hjoed wer foar glêdens rûnom yn de provinsje. Op de Lauwersseewei by Dokkum is woansdeitemoarn in auto mei in merkkream troch de glêdens fan de dyk ôfrekke en yn it wetter bedarre. De bestjoerder koe sels út de auto komme. De helpferlieners hawwe de man ûndersocht, mar hy is mei de skrik frij kaam. De kream rekke hielendal skansearre.