Fries Museum moat mear jild krije foar gruttere eksposysjes

23 feb 2016 - 22:36

It Fries museum soe mear jild krije moatte om himsels op de kaart te setten. Dat fine de steatefraksjes fan PvdA en D66. Neffens de partijen soe it museum nochris 150.000 euro ekstra subsydzje krije moatte fan de provinsje. Mei dat jild soene gruttere eksposysjes nei Ljouwert helle wurde moatte. 

De provinsje wol yn de takomst 100.000 besikers nei it museum helje, mar dat kin neffens de PvdA en D66 allinnich as der grutte publykslûkers op it programma komme. Om dat foar elkoar te krijen moat der mear jild by.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)