Jonge sneuper (16) fynt gouden fibula by De Jouwer

23 feb 2016 - 22:29

De sechtjinjierrige Danny Brink fan Goaiïngaryp hat by De Jouwer in midsiuwske fibula fûn. Mei help fan in metaaldetektor fûn Danny de gouden mantelspjelde ferline wike midden yn it lân.

Hoe âld de fibula krekt is, wurdt noch besjoen troch saakkundigen. Neffens de earste skattingen giet it om in bysûndere mantelspjelde fan tusken de sânde en de alfde iuw. Konservator Nelleke IJssennagger fan it Fries Museum is entûsjast oer de fynst, mar moat de spjelde earst sjen. 

Yndruk

De jonge sneuper Danny giet der sûnt in jier geregeld op út mei in metaaldetektor. Hy fûn oant no ta benammen in soad pipen fan klaai en âlde munten. Fan de fynst fan de fibula is er sels aardich ûnder de yndruk. De mantelspjelde is oan de foarkant fersierd mei in edelstientsje en oan de efterkant wurdt mooglik de Germaanske god Odin ôfbylde.

UPDATE: Yn Bynt wie Danny te gast en ek Nelleke IJssennagger, konservator fan it Fries Museum wie der ek. Se hat de fynst besjoen en fynt dat de fibula der goed útsjocht, op in lytse beskeadiging nei is er yntakt. Se kin neat sizze oer de jildlike wearde, mar wol oer de histoaryske wearde, it is in bysûndere fynst. It giet net om in deistich foarwerp. Neffens har soe de mantelspjelde út de tsiende-alfde iuw komme. It museum wol graach mear ûndersyk dwaan. 

Trefwurden: 
fynst gouden fibula De Jouwer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)