FIDEO: Pjutteboartersplak yn azc soarget foar goede start

Om pjutten yn asylsikerssintra in goede start te jaan yn it libben, moatte sy eins nei in pjutteboartersplak ta. De lanlike brânsjorganisaasje foar pjutteboartersplakken sjocht dat soks lang net altiten bart. No't der yn Fryslân azc's bykomme is it de fraach as dêrby ek genôch omtinken is foar dizze bern.
Yn it azc yn Burgum hat berne-opfang Kinderwoud dêr no trije fearnsjier ûnderfining mei. Neffens de organisaasje is it in goede saak om as gemeente jild te jaan oan sa'n pjutteboartersplak. In foardiel is dat bern der Nederlânsk leare.