HZPC nimt Russysk ierappelbedriuw Sadokas oer

HZPC fan De Jouwer nimt it Russyske poatierappelbedriuw Sadokas oer. Sadokas is in grutte spiler op de Russyske ierappelmerk en ferkeapet poaters yn it hiele lân. Neffens HZPC wurdt de merk yn Ruslân hieltyd profesjoneler en wurdt dêrtroch ek groei ferwachte.
De oername fan it bedriuw yn Sint Petersburg makket ûnderdiel út fan in folle gruttere oername troch HZPC fan it Finske Sadokas Oy. Dat bedriuw wie al foar in part yn hannen fan de Jouster ûndernimming, mar no wurde alle oandielen oernommen.
De oername hat neffens HZPC gjin gefolgen foar meiwurkers of klanten.