FIDEO: Alderen wolle Frysk prate mei jonge fersoargers

23 feb 2016 - 19:12

In protte âlderen fine it mar slim dat jonge fersoargers en ferpleechkundigen hieltyd faker it Frysk net ferstean, lit stean dat se it noch prate kinne. Sa fynt ek frou Grytsje Bouma, bewenster fan soarchsintrum Brugchelencamp op De Westereen.

MBO-skoallen lûke harren de krityk oan. Nei de simmer sille se folle mear omtinken jaan oan it Frysk. Dochs bliuwt it in keuzefak en de fraach is fansels oft dat helpe sil.

Trefwurden: 
âlderen Frysk fersoargers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)