Larmené: Belje yn 'e auto moatte we net mear akseptearje

23 feb 2016 - 18:50

It brûken fan de telefoan yn de auto moat sosjaal like ûnakseptabel wurde as it brûken fan alkohol. Dat seit ferkearssaakkundige Frans Larmené fan de NHL yn Ljouwert. Hy reagearret dêrmei op in grut Amerikaansk ûndersyk, dêr't út bliken docht dat it telefoangebrûk hieltyd faker soarget foar ferkearsûngelokken.

Wa't de telefoan brûkt, hat mear as trije kear safolle kâns op in ûngelok. De ûndersikers ferwachtsje dat kommende generaasjes noch faker de telefoan yn de hân ha sille. Minsken dogge it automatysk, seit de ferkearssaakkundige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)