Poiesz hellet repen Mars Nederland út winkel

23 feb 2016 - 17:25

Supermerkketen Poiesz is op it stuit drok dwaande om alle Marsrepen, Snickers, Milky Way, Celebrations en oar snobbersguod fan Mars Nederland út de skappen te heljen. Yn dizze repen sitte mooglik stikjes plestik, want yn in reep yn Dútslân is plestik oantroffen.

De produsint hat supermerken de opdracht jûn om alle repen út de winkel te heljen. It giet om de sûkeladeprodukten mei de hâldberensdata tusken 19 juny 2016 en 8 jannewaris 2017. Yn 55 lannen oer de hiele wrâld wurdt it snobbersguod weromhelle.

Alle produkten fan Mars Nederland wurde makke yn Veghel. Klanten dy't it produkt al kocht hawwe, kinne it weromstjoere nei de produsint. Sy krije dan it jild wer werom. Nei alle gedachten sille de winkels ein dizze wike wer in nije foarried sûkeladerepen levere krije.

Trefwurden: 
Poiesz repen Mars Nederland
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)