Supermerk It Hearrenfean iepenet drive-through en ôfhelpunt

23 feb 2016 - 11:17

Der komt in 'drive-through' by in Jumbo-filiaal op It Hearrenfean. Klanten kinne online de boadskippen bestelle en ophelje by de drive-through. Der kin ek foar keazen wurde om de bestelde boadskippen yn it ôfhelpunt yn 'e winkel op te heljen.

De supermerk is de earste yn Fryslân dêr't klanten de boadskippen op dizze beide wizen ophelje kinne, seit filiaalmanager Maarten Botermans. De peallen dêr't autobestjoerders harren melde kinne, binne neffens Botermans 'hufterproof' makke, tsjin eventueel fandalisme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)