Wytmarsum ûndersiket draachflak foar azc

23 feb 2016 - 10:49

It pleatslik belang fan Wytmarsum krijt in moanne de tiid om it draachflak yn it doarp te ûndersykjen foar in asylsikerssintrum. Dat hat de gemeente Súdwest-Fryslân witte litten oan it pleatslik belang. Dy wol in enkête hâlde yn it doarp.

Ferline wike waard op in drok besochte ynfojûn dúdlik dat der ferset is tsjin in asylsikerssintrum yn in nij gebou by it eardere kleaster yn Wytmarsum foar 300 minsken. Guon doarpsbewenners fine dat oantal te grut.

It gemeentebestjoer praat tiisdeitemoarn oer de fierdere gong fan saken, mar sil earst de doarpsenkête ôfwachtsje. Wierskynlik sil de gemeenteried no pas yn april in beslút nimme oer it azc.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)