Plysje warskôget foar glêdens

23 feb 2016 - 06:17
Troch de nachtfroast moasten automobilisten de ruten skrabje - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De plysje warskôget tiisdeitemoarn foar glêdens rûnom yn de provinsje. Rykswettersteat, de provinsje en meardere gemeenten hawwe struid op binnen- en sneldiken. Op guon plakken moatte bestjoerders autoruten skrabje. Wa't dat net docht, kin neffens de plysje in boete krije fan 230 euro.

(advertinsje)
(advertinsje)