Wettersteuring yn Drachten ferholpen

Hiel Drachten hat wer wetter, dat lit wetterbedriuw Vitens witte. Oan it begjin fan moandeitenacht ûntstie troch noch ûnbekende oarsaak in lek yn in haadwetterlieding ûnder de Noorderhogeweg. Troch it frijkommende wetter streamde in fytstunnel yn De Hemmen fol.
Om healwei twaen hinne hie Vitens it lek opspoard en koe de lieding ôfsletten wurde. It lek moat noch wol makke wurde, mar ynwenners fan Drachten krije no fia oare liedingen wer wetter.
De tunnel is yn de nacht leechpompt, mar it is noch net dúdlik oft er brûkt wurde kin. Meiwurkers fan Vitens binne de hiele dei noch dwaande om de wetterlieding te reparearjen.