Hieltyd mear boeren moatte ophâlde as gefolch fan molkkwotum

Mear en mear boerebedriuwen sille de kommende tiid te keap komme te stean of beëinige wurde. Dat seit agrarysk makeler Marten Groothof yn reaksje op sifers fan it CBS. Dat socht út hoefolle boeren oft de ôfrûne fjouwer jier ophâlden binne. Yn Fryslân telden de gemeente De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân de measte 'ophâldboeren'.
Groothof syn algemiene ferwachting is dat der de kommende tiid noch folle mear by komme sille. Boeren komme hieltyd faker yn de problemen sûnt it molkkwotum derôf gien is. De molkprizen binne dêrtroch sakke.