Rjochter bepaalt dat Mem Vaatstra skeafergoeding krije moat

Het verboden dagboek van Maaike Vaatstra
De mem fan Marianne Vaatstra hat rjocht op in skeafergoeding fan op syn minst 200.000 euro. Dat hat de rjochtbank yn Amsterdam bepaald. Se hat rjocht op it jild om't Wim Dankbaar en Hans Mauritz har deiboek útjûn hawwe, wylst se dêr gjin tastimming foar hiene. Yn in eardere rjochtsaak hie de rjochter al bepaald dat alle útjeften ferneatige wurde moasten. Dat hawwe beide manlju net dien.
De advokaat fan mem Vaatstra is wiis mei de útspraak fan no. Hy hopet dat der no gau útbetelle wurdt en dat dêrmei de saak definityf útiten is.