"Gemeente moat ferbouwing kantoar ta wenromte tastean"

De PvdA Achtkarspelen ropt de gemeente op om mear maatwurk te leverjen as it giet om húsfêsting. De partij kriget ferskate sinjalen dat der te min (sosjale) hierwenningen binne. Oan de oare kant stean yn de gemeente kantoargebouwen leech. Undernimmers hawwe al oanjûn dêr apparteminten yn meitsje te wollen, mar dat mei net.
De PvdA hopet dat de gemeente fan de regels ôfwike wol. Wenromte yn kantoaren is in goede tydlike oplossing. Nijbou is gjin opsje, seit de PvdA, om't de ferwachting is dat de befolking de kommende jierren ôfnimme sil.