Ljouwerter kriget jier en njoggen moanne foar ynbraken

© Omrop Fryslân
In Ljouwerter fan 38 moat in jier en njoggen moannen de sel yn fanwege in tal ynbraken yn syn wenplak. De man waard moandei feroardiele ta njoggen moannen sel en hy hie noch in jier ûnder betingst te stean. Dat komt no by syn nije straf op.
De man waard yn oktober ferline jier pakt. By in ynbraak yn in bedriuwsgebou oan de Jelsumerstrjitte wie it alarm ôfgien. Neist de selstraf hat de man in nije selstraf ûnder betingst fan seis moannen oplein krigen.
As er binnen twa jier wer de fout yngiet, moat er dy seis moannen ek noch útsitte. Yn dy tiid moat er him behannelje litte foar syn drugsferslaving. Hy mei ek gjin alkohol drinke. De man is al sa'n 15 jier aktyf as krimineel.