Brak wetter ta drinkwetter

23 apr 2012 - 12:22

Wetterbedriuw Vitens hat in belangrike fergunning krige om fan sâltich wetter drinkwetter te meitsjen. It restprodukt dat by it proses frijkomt, mei no op 170 meter djipte yn de grûn opslein wurde. Hie de Staatstoezicht op de Mijnen dy fergunning net ôfjûn, dan soe it prestisjeuze projekt yn Noardburgum stilset wurde.

Mei de nije fergunning bestiet de kâns dat de winputten by it doarp wer iepengean. Se giene yn 1993 ticht, om't it wetter hieltyd sâlter waard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)