'Goede begrutting needsaaklik'

23 apr 2012 - 12:14

Politike partijen yn de koälysje en de opposysje lykje it aardich iens oer de fraach hoe't it no fierder moat yn polityk Den Haach. It is neffens CDA en PvdA no wachtsjen op de ferkiezings. It is no saak om yntusken gjin gekke dingen te dwaan. Hast elkenien fynt dat der sagau mooglik in goede begrutting komme moat om fierdere ekonomyske delgong op te kearen.

Sneon waard bekend dat it Catshuisoerlis oer de besunigings gjin súkses wurde soe. Wilders fan de PVV woe net mear fierder mei VVD en CDA.

Ien fan de dingen dy't in folgjend kabinet ek dwaan moat, is it loslûken fan de wenningmerk. Troch de ekonomyske krisis sit de wenningmerk stiif op slot. Dat seit it Fryske PvdA-Twadde Keamerlid Lutz Jacobi.

Trefwurden: 
CDA PvdA Ferkiezings Catshûs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)