Doarpsgenoate mei dea bedrige

23 apr 2012 - 12:02
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat sneintemiddei in 42-jierrige ynwenner fan Sint Anne oanhâlden foar bedriging. De man hie earder dy middei in doarpsgenoate oer de tillefoan mei de dea bedrige.

De plysje gie nei it adres fan de frou. Doe't se dêr wiene, kaam de man krekt oanfytsen. Hy waard oppakt en nei it buro brocht. Dêr is er fêstset.

Trefwurden: 
bedriging
(advertinsje)
(advertinsje)