Frosk wol skoalswimmen hâlde

23 apr 2012 - 09:41

De gemeente Dantumadiel moat it skoalswimmen yn stân hâlde. Yn in brief oan de gemeenteried ropt it komitee De Frosk de riedsleden op om moarntejûn ta in oplossing te kommen.

B. en w. hawwe earder sein dat it skoalswimmen wol ôfskaft wurde kin. Nei de ferkeap fan swimbad De Frosk yn De Westereen oan de Conegroup hat de gemeente gjin jild mear foar it skoalswimmen. It komitee De Frosk wol it skoalswimmen behâlde foar bern dy't dat nedich hawwe. Bern mei in diploma kinne frijswimme ûnder de les.

Trefwurden: 
De Frosk skoalswimmen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)