Auto oer de kop op A32

23 apr 2012 - 07:57

Op de A32 is moandeitemoarn om healwei achten hinne by de ôfslach Wurdum in auto oer de kop slein. Dêrby rekken twa froulju út Grou fan 22 en 26 jier ferwûne. De bestjoerder kaam fan de Werpsterhoeke en ried rjochting Snits doe't de auto oer de kop sloech. Mooglik hie de frou in lekke bân.

De slachtoffers binne mei in ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. De auto lei op de linkerrydstrook. Dat soarge foar fertraging foar it oare ferkear.

Trefwurden: 
ûngelok plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)