UWV: Wurkjouwers kinne harren foardiel dwaan mei âld-V&D'ers

22 feb 2016 - 14:02

Wurkjouwers kinne harren foardiel dwaan mei de meiwurkers fan V&D dy't ferline wike sûnder baan rekke binne. Dat seit arbeidsmerkadviseur Marieke Schramm fan wurkbedriuw UWV yn Noard-Nederlân. De âld-wurknimmers fan V&D hawwe in soad ûnderfining en binne klantgericht.

Nettsjinsteande dat der yn de detailhannel bekende bedriuwen ferdwine, ferwachtet it UWV dat it tal banen yn totaliteit tanimt. UWV hat koartlyn ûndersocht hokfoar opsjes de ûntsleine meiwurkers ha. It wurkbedriuw ferwachtet dat de helte fan de meiwurkers fan V&D op 'e nij yn de detailhannel terjochte komme. Oare banen binne resepsjoniste, callcenter-meiwurker en banen yn de hoareka.

Yn Ljouwert binne hast 200 meiwurkers sûnder baan rekke, neidat de trochstart fan V&D mislearre.

Trefwurden: 
UWV V&D Marieke Schramm
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)