Ald-Cambuurspiler Ogbeche rest fan seizoen útskeakele

© Dijks fotografie
Ald-Cambuurspiler Ogbeche komt dit seizoen net mear yn aksje. De spits fan Willem II, dy't yn de winterstop fan SC Cambuur oernaam waard, wurdt dizze wike operearre oan in skouderblessuere. Hy rûn dizze blessuere snein op yn it duel tsjin FC Utrecht.
De ferkeap fan de maklik skoarende Ogbeche fan Cambuur oan Willem II wie kontroversjeel en waard yn Ljouwert troch guon supporters net wurdearre. Willem II is nammentlik in direkte konkurrint fan Cambuur yn de striid tsjin degradaasje.