SC Cambuurspiler Jamiro Monteiro ien duel skorst

22 feb 2016 - 11:53

Jamiro Monteiro mist sneontejûn de thúswedstriid fan SC Cambuur tsjin PEC Zwolle. Hy hat moandei it skikkingsfoarstel fan ien duel akseptearre fan de oanklager betelle fuotbal fan de KNVB.

Monteiro begie sneon yn de blessueretiid in oertrêding en feroarsake dêrtroch in strafskop foar FC Twente. Hy krige in reade kaart. Twente wûn it duel mei 3-0.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)