"Fenomeen nepstudinten bekend by Fryske MBO-skoallen"

Beide Fryske MBO-ynstellings kenne it fenomeen 'nepstudint'. Op it Friesland College en op ROC Friese Poort bart it inkele tsientallen kearen yn it jier dat ien him ynskriuwt, mar net op les komt. Op dy wize strike se 800 euro stúdzjefinansiering op yn 'e moanne, sûnder in oplieding te folgjen.
Beide Fryske skoallen hâlde goed yn de gaten oft sokke praktiken ek foarkomme. Se kontrolearje alle lesoeren oft de learlingen der wol binne. As ien mear as in pear dagen net op skoalle komt, giet der in brief nei it thúsfront.
As de learling nei in pear moanne noch net opdaagjen komt, wurdt er útskreaun en it jild moat er werombetelje.
De NOS meldt dat it probleem fan de nepstudinten spilet yn Rotterdam. Dêr skriuwe minsken har yn foar in MBO-oplieding, krije dêrnei alle moannen stúdzjefinansiering, mar binne net oanwêzich by de lessen. As se de oplieding net ôfmeitsje, moatte se it jild letter werombetelje, mar blykber sitte se oer dat probleem no noch net yn.