BBC makket reportaazje oer Frysk ûnderwiis

BBC America makket moandei opnamen op it Bogerman yn Koudum. De nijsstjoerder makket in searje radiodokumintêres oer lytse talen yn Europa. Nei it Yslânsk en it Welsk rjochtsje se harren pylken no op it Frysk.
It Bogerman yn Koudum is in MFU-skoalle. MFU stiet foar Meartalich Fuortset Underwiis. De fakken ierdrykskunde en muzyk wurde yn Koudum yn it Ingelsk oanbean. De fakken skiednis en sport en beweging yn it Frysk. Sa leare de learlingen mear yn deselde tiid.
Offisjeel sertifikaat
Oan de ein fan harren meartalige oplieding dogge de learlingen in eksamen en krije se offisjele sertifikaten útrikke fan de provinsje Fryslân. Der binne yn Fryslân fiif fan sokke MFU-skoallen, dy begelaat wurde troch it Sintrum Meartaligens fan Cedin.