Primeur: Biogasstasjon Ljouwert leveret eksterne partij gas

Op it terrein fan de rioelwettersuveringsynstallaasje yn Ljouwert hat Wetterskip Fryslân moandeitemoarn it fernijde biogasstasjon iepene. Dêr't yn it ferline it biogas foar it wetterskip sels brûkt waard, wurdt der no ek levere oan twa eksterne partijen: Fier Fryslân en de Wetterkampus fan Wetsus.
It biogas wurdt helle út de baktearjes dy't it ôffalwetter fan de Friezen reinigje. It wetterskip fergêstet de baktearjes yn grutte silo's, wêrnei't it gas troch piipliedingen nei de twa bedriuwen laat wurdt.
Nederlânske Primeur
Yn totaal produsearret Wetterskip Fryslân troch fergêsting ien miljoen kúb biogas yn it jier. It is foar it earst yn Nederlân dat in wetterskip biogas oan oaren leveret.