Kollum: "Bantegeaster buskrûd"

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.
"Hasto ‘m ôfrûne woansdei ek sjoen by it Frysk Sportgala? Sjinkie Knegt stie gewoan op it poadium om syn titel Fryske sportman fan it jier yn ûntfangst te nimmen. De shorttracker út Bantegea rûn fiif dagen foar it gala in swiere blessuere op, doe’t er yn Dordrecht by de wrâldbekerfinale ûnderút gong. Trije brutsen ribben, in skuorke yn syn lever en tal fan ynwindige kniezingen wiene it resultaat. Mar thús bliuwe en op de bank lizze? Sjinkie net. Dizze fjoerfretter kin werklik wier alles.
Ik kin it my hast net foarstelle, mar wa’t no tinkt: huh, Sjinkie Knegt wa is dat ek mar wer? Sjinkie is dat lytse rappe keardeltsje, mei dat stoere burdsje en dy flitsende bril, dy’t as in spear oer it iis jaget en by de finish it leafst noch efkes syn middelfinger omheech stekt. Sjinkie is in op en top Fries, mar der sit ek noch wat hjitter bloed yn him. En dat brûst der sa no en dan efkes út.
Sjinkie hat nammentlik Sineeske roots. Hy is ferneamd nei syn Sineeske pindakoekjes ferkeapjende omke Sjing Ting. Dat betink ik net sels hè? Dat stiet sa op Wikipedia te lêzen. No ha ik op de oplieding sjoernalistyk leard datst Wikipedia nea as boarne brûke meist. Dus, foar itselde jild is Sjinkie ferneamd nei de parkyt fan syn buorman Bartele út Bantegea, mar dy kâns skat ik dochs krekt wat lytser yn.
Boppedat komt sa’n Sineeske omke, dy’t neffens Wikipedia yn de jierren ’30 de oerstek makke hat fan Sina nei Nederlân, folle better fan pas mocht der letter nochris in film makke wurde oer Sjinkie. Sa’n Sineeske omke dy’t mei gefaar foar eigen libben de wrâld oerstutsen is, dat is dochs krekt wat cooler as dy fûgel fan buorman Bartele, dy’t yn syn libben net fierder kaam is as in rûntsje troch de húskeamer.
Wat we fierder noch fan Sjinkie witte is dat er gek is op âlde auto's. It leafst sit er de hiele dei yn syn hok om oan syn auto's te sleuteljen. Hy giet graach mei syn maten op paad om in bierke te drinken yn it kafee en is sûnt ferline jier heit fan in famke. Eins is it dus in hiele gewoane jonge. In ‘doch mar gewoan, dat is al gek genôch’-type. Mar djip ferskûle yn dizze kalme Fries sit in fetsje Bantegeaster buskrûd, dat by ien lyts fonkje ta ûntploffing komt. En just dat makket Sjinkie sa bysûnder.
As er de redens oanlûkt, de bril rjocht set en de punt fan syn izer yn it iis spytst by de start, begjint der binnenyn dizze 1 meter 72 hege fulkaan fjurrige lava te buorreljen. Sjinkie is in fjoerfretter dy’t fan begjin oant ein alles op alles set om te winnen. En dat slagge poerbêst, oant twa wike lyn yn Dordrecht.
Wa’t him nei dy falpartij kronkeljend fan de pine op it iis lizzen sjoen hat, soe der gjin stoer om ferwedzje dat dizze selde man fiif dagen letter al wer op it poadium stean soe by it Frysk Sportgala om syn priis yn ûntfangst te nimmen. Mar net ien kin Sjinkie keare. In dokter net, trije stikkene ribben net en sels in lekke lever net. Sjinkie docht wat er sels wol.
Dat sil er wol fan syn Sineeske omke Sjing Ting ha, tink ik. Dat wie ek sa’n trochsetter. Alhoewol, buorman Bartele syn parkytsje wie ek in flinke stiifkop. Miskien moat ik dat der dan dochs noch efkes bysette op Wikipedia."