Dockumer Biergilde komt nei 150 jier wer bymekoar

22 feb 2016 - 08:06

Nei 150 jier komt moandei foar it earst it Dockumer Biergilde wer bymekoar. Moandeitejûn moetsje leden en aspirant-leden mekoar yn it kafee, dêr't se yn de skiednis dûke fan it bier yn Dokkum.

It âldste bewiis foar it bestean foar it gilde is in brief út 1648. Dêryn stiet ûnder oaren hoe't de fontein skjinhâlden wurde moat, dêr't it gilde it wetter út helle om bier fan te meitsjen.

Skiednis en promoasje Dokkum

Fan it âlde gilde mochten allinne bierbrouwers lid wurde. Dy binne der no net mear by. Guon leden drinke it net iens. It nije gilde is mear rjochte op de skiednis fan it bier en op promoasje fan de stêd Dokkum. Leden wolle op termyn histoaryske kuiertochten hâlde, of in boek útjaan oer de skiednis fan it Dokkumer bier.

Trefwurden: 
Dockumer Biergilde Dokkum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)