Taeke Kooistra wurdt foar 18de kear damkampioen

Links kampioen Taeke Kooistra en rjochts Foeke Tiemensma © Johannes Hoekstra
Taeke Kooistra út Hartwert hat sneon yn Aldegea (SWF) it persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul op syn namme skreaun. Dat die er al foar de 18de kear, in unike searje dy't net gau ferbettere wurde sil. Kooistra gie de finale yn mei in foarsprong, en it slagge him om dy oerein te hâlden, al moast er de moarns oan Jelle Wiersma al in kampspul tastean.
De nûmer twa, Marten Walinga fan Waaksens, hie úteinliks in fol punt minder. Jelle Wiersma fan Wommels waard tred.