"EK shorttrack foar jeugd yn 2018 moat yn Ljouwert komme"

It Europeesk kampioenskip shorttrack foar de jeugd yn 2018 moat nei Ljouwert helle wurde. Dat is it doel fan it bestjoer fan shorttrackferiening Trias fan Ljouwert. Dit wykein wie yn de Ljouwerter Elfstedenhal it ynternasjonale starclass-toernoai organisearre.
De organisaasje sjocht mei in goed gefoel werom op it toernoai. Der dienen 180 junioaren mei út njoggen ferskate lannen oan de lêste ronde fan de StarClass B en âlder. De winners pleatsten har foar de Euro-finale ein maart. It wie de earste ynternasjonale wedstryd yn de iishal.