Hurde wyn leit wurk oan Achmeatoer stil

21 feb 2016 - 13:25

It pleatsen fan in nije glêzewaskynstallaasje op de Achmeatoer yn Ljouwert is snein stopset. De hurde wyn makket it útfieren fan de wurksumheden ûnmooglik. It wurk sil no moandei dien wurde, de gemeente Ljouwert hat dêr in nije fergunning foar ôfjûn.

Dat hâldt yn dat de Lange Marktstrjitte moandei foar in diel ôfsletten wêze sil. Dat duorret mooglik de hiele dei, seit in wurdfierder fan Achmea. De glêzewaskynstallaasje wurdt mei in 140 meter hege heechwurker te plak brocht.

Trefwurden: 
wyn Achmeatoer Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)