Plysje siket eigener opfallende halsketting

21 feb 2016 - 11:36

De plysje siket de eigener fan in opfallende halsketting. It sieraad is oantroffen yn in wenning fan in fertochte fan ynbraak. De ôfrûne wike hat de plysje yn Snits twa kear dieven trappearje kinnen by wenningynbraken. Nei alle gedachten is de ketting bút makke by in resinte ynbraak yn Snits of omkriten. As minsken de ketting kenne, dan kinne se kontakt opnimme mei de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)