Jonge fan 14 op 'e Harkema swier mishannele

© ANP XTRA
In jonge fan 14 út De Harkema is freedtejûn in wike lyn yn syn wenplak slim ferwûne rekke nei mishanneling. Op de Nijebuorren waard er fan syn fyts skopt. Nei kontrôle die bliken dat er slimme ferwûnings oan syn knibbel hie. Hy moast yn it sikehûs operearre wurde.
Op sneon is in jonge fan 15 út Drachtsterkompenije oanhâlden. De plysje ûndersiket de mishanneling.