Cambuur kin it net oprêde by FC Twente en ferliest mei 3-0

SC Cambuur koe krap in healoere goed stânhâlde yn De Grolsch Veste tsjin FC Twente. Doe sloech de thúsploech ta. Dom balferlies yn de Ljouwerter ferdigening brocht Hakim Ziyech yn stelling. Dy syn wipperke gong fia de skonk fan Marvin Peersman yn 'e goal achter keeper Leonard Nienhuis.
Mei in prachtige knal yn de krusing soarge Jerson Cabral yn de 31e minút foar de 2-0. Yn de twadde helte wie it allegearre gâns minder en waard it publyk amper mear fermakke. Nei read foar Monteiro sette Ziyech fan alve meter de 3-0 einstân op it boerd.