Better SC Hearrenfean kin net winne fan NEC

20 feb 2016 - 21:37

SC Hearrenfean is net fierder kaam as in 1-1 lykspul tsjin NEC. Hearrenfean fertsjinne folle mear. Henk Veerman wie de man fan de iepeningstreffer nei in healoere spyljen. Dêrnei hiene de Feansters dien wurk meitsje moatten, mar dat slagge net. Joey Sleegers soarge yn de 64e minút foar de lykmakker. Syn ynset waard fan rjochting feroare troch St. Juste.

Yn de 86e minút krige Hearrenfean in bûtenkânske, mar ynfaller Mitchell Te Vrede seach dat syn strafskop troch útblinker en NEC-keeper Brad Jones keard waard.

Foardat Te Vrede de penalty naam, sei Younes Namli tsjin de spits dat Te Vrede de penalty yn de linkerhoeke sjitte moast. Dat die hy ek, wêrnei't keeper Brad Jones de bal tsjinhâlde koe. Namli hat nei de wedstriid syn ekskús oanbean oan Te Vrede.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)