Man út Wâlterswâld byt oerfaller yn de finger
In ynwenner fan Walterswâld is freedtenacht op syn hiem berôve troch twa mannen. De mannen namen it jild fan it slachtoffer mei. It slachtoffer hat him ferset tsjin de berôving. Hy hat dêrby ien fan de dieders ferwûne oan de finger. De plysje ûndersiket de saak en ropt tsjûgen op har te melden.