Simmeriis komt yn Ljouwerter Elfstedenhal

De Ljouwert Elfstedenhal kriget simmeriis. Reedrydtoppers krije de mooglikheid te trainen yn de hal. Gewoanwei bart dat yn Thialf, mar dy iishal giet dizze simmer folslein op 'e skeppe. Njonken de toppers wurdt de hal ek iepensteld foar rekreanten.
Direkteur Johan van der Kooi tinkt dat it iis goed tsjinje kin as min waarfoarsjenning. Mids juny giet de hal iepen foar it publyk. It iis bliuwt dan sa'n trije wiken lizzen.