"Wenje yn leechsteande kantoargebouwen tsjin wenningneed"

It gemeentehûs fan Achtkarspelen
De PvdA yn Achtkarspelen wol leechsteande gebouwen brûke om de wenningneed yn de gemeente op koarte termyn op te lossen. De partij stelt hjir meikoarten fragen oer yn de gemeenteried. Benammen leechsteande bedriuw- en kantoargebouwen soene brûkt wurde kinne as tydlike húsfêsting.
Minsken dy't sykje nei in sosjale hierwenning, kinne sa gau holpen wurde tinkt de PvdA. De partij fynt tydlike wenten in bettere oplossing foar de wenningneed as nije wenten, fanwegen de ferwachte krimp yn de gemeente.