Auto oer de kop en yn de sleat yn Harns

De auto gie oer de kop en bedarre yn de sleat © Postema-media
In autobestjoerder is freedtenacht ferwûne rekke by in ûngelok op de Zuidwalwei yn Harns. Troch noch ûnbekende oarsaak gie de auto oer de kop en bedarre yn de sleat. De ferwûne koe sels út syn auto klimme.
Ambulânsepersoniel hat de man behannele foar syn ferwûnings. Hy hoegde net mei nei it sikehûs. In berger út Harns hat de auto letter út de sleat takele.