Fermiste frou Kollumersweach is wer teplak
De fermiste Maxine Severijnse út Kollumersweach is wer teplak. Dat meldt de plysje. Se is yn goede sûnens troch de plysje fûn en sil oan har fersoargers oerdroegen wurde.
De 24-jierrige frou mei in ferstanlike beheining waard sûnt tongersdei fermist, nei't se fan hûs fuortrûn wie.