Ljouwerter advokaat wol ferplichte ferkearskursus ferbiede

19 feb 2016 - 19:21

No't it alkoholslot fan de baan is, moat minister fan justysje Ard Van der Steur alle minsken dy't noch sa'n slot yn de auto hawwe, tastean om it derút te heljen. It leafst moarn noch. Dat seit de Ljouwerter advokaat Bart Canoy.

Canoy wol dat oare edukative maatregels ek fan tafel geane. Ferplichte ferkearskursussen bygelyks. Minsken moatte dêr sels foar betelje, krekt as foar it alkoholslot, en dat is net earlik, seit er.

Net dûbel straffe

Je kinne se sjen as straf, en oertrêders moatte net dûbel straft wurde, fynt Canoy. It soe in slok op in buorrel skele as dat ophâldt, seit de advokaat. 

2200 minsken

Op dit stuit binne der yn hiel Nederlân noch 2200 minsken dy't in alkoholslot yn de auto hawwe. Dat is in startûnderbrekker yn de auto. In bestjoerder dy't tefolle dronken hat, krijt mei dat slot de auto net oan 'e praat.

Mei net mear

Yn it begjin lei it Centraal Bureau Rijvaardigheidsbewijzen sa'n slot op. De Hege Ried en de Ried fan Steat stutsen dêr in stokje foar. It kabinet hat noch ûndersocht oft de rjochter sa'n alkoholslot oplizze kin, mar de ferwachting is dat dat net gau barre sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)