Oandielhâlders Omrin wolle bettere kommunikaasje fan REC

De oandielhâlders fan Omrin trune oan op in bettere kommunikaasje fan it bedriuw mei de belutsenen yn Harns en mei de oandielhâlders. Dat is ien fan de útkomsten fan it ekstra oerlis fan de oandielhâlders freedtemiddei mei de direksje fan Omrin op Ecopark yn Aldehaske. Dit nei oanlieding fan de ûnrêst rûnom de REC yn Harns yn ferbân mei de útstjit.
Wurdfierder Sjoerd Feitsma fan de oandielhâldende gemeenten lit fierder witte dat der ôfspraken makke binne oer de technyske maatregels dy't Omrin nimt. Neffens him stiet de direksje ek iepen foar suggestjes foar ferbettering.