Wer útgeansgeweld yn Fryslân

22 apr 2012 - 12:20

De Fryske plysje hat it sneontenacht drok hân mei útgeansgeweld. Yn Ljouwert, Harns, Dokkum, Blauhûs, Berltsum en Boalsert binne ûnder oare stappers oanhâlden. Sy fernielden ruten en oare saken of gongen meielkoar op de fûst. Yn Blauhûs gebeurde dat by de feesttinte. In man waard dêrby sa foel slein en skopt dat hy nei it sikehûs brocht wurde moast. Ek by in rûzje yn Berltsum wie sikehûsbehanneling nedich. Op De Jouwer waard in man (32) út Aldehaske net goed, nei it brûken fan GHB. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)