Astrid Manhoudt wurdt lektor greidefûgels by Hall Larenstein

19 feb 2016 - 16:05

By hegeskoalle Van Hall Larenstein yn Ljouwert is dr. Astrid Manhoudt mei yngong fan 1 maaie oansteld as lektor greidefûgels. Deputearre Johannes Kramer fan de provinsje Fryslân makke dat freed bekend op in gearkomste fan agrarysk natuer- en lânskipsbehear yn Seist.

De ambysje fan Manhoudt is om safolle mooglik oan te sluten by de praktyk en modellen te ûntwikkeljen dêr't ek oan fertsjinne wurde kin yn de greidefûgelgebieten. It ryk en de provinsje ha jild beskikber steld foar de funksje fan lektor greidefûgels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)