St. Juste ferfangt Otigba by SC Hearrenfean tsjin NEC

Foar de wedstriid fan sneontejûn tsjin NEC ferfangt Jeremiah St. Juste de skorste Kenneth Otigba. St. Juste spilet sintraal yn de ferdigening tegearre mei Joost van Aken. Omdat Van Aken weromkomt fan in skorsing begjint Lucas Bijker op de bank. Van Aken trainde wol efkes apart, omdat hy lêst hie fan syn hamstring.
Ek Stefano Marzo komt werom fan in skorsing en begjint tsjin NEC wer yn de basis. Hy spilet op it middenfjild. It iennige fraachteken is it meidwaan fan Joey van den Berg. Hy hat lêst fan syn rêch.
Mocht Van den Berg net fit wêze dan wurdt hy neffens coach Foppe de Haan ferfongen troch Branco van den Boomen.
Hearrenfean spilet sneon tsjin de ferrassing fan dit seizoen. NEC promovearre nei in jier Jupiler League werom nei de earedifyzje en stiet knap achtste. De Nijmegenaren ha seis punten mear as Hearrenfean en is dêrmei in konkurrint foar it heljen fan de play-offs.
Opstelling: Mulder, Van Anholt, St. Juste, Van Aken, Cavlan, Marzo, Van den Berg, Thorsby, Zeneli, Veerman en Larsson.