Auto rjochtet ravaazje oan

22 apr 2012 - 08:38

In autobestjoerder hat sneontejûn in ravaazje oanrjochte yn de Goudenregenstraat yn Ljouwert. Hy kaam fan de kant fan de Dammelaan en rekke yn in flauwe bocht de macht oer it stjoer kwyt. Doe slingere hy yn de rûnte en botste tsjin ferskate auto's oan. De bestjoerder rekke sels licht ferwûne. Hy is foar kontrôle nei it sikehûs brocht. Neffens omstanners hat de man fierstente hurd riden. De dyk hat goed twa oeren ôfsletten west.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)