Ljouwerter finzenis krijt nije direkteur

Anna Nijstad, de nije direkteur fan de finzenis yn Ljouwert
De Ljouwerter finzenis krijt in nije fêstigingsdirekteur. De hjoeddeiske direkteur Marie-Anne de Groot wurdt op 1 maart opfolge troch Anna Nijstad. De Groot hat seis jier lang de lieding hân by de Ljouwerter strafynrjochting. Anna Nijstad is no noch pleatsferfangend direkteur yn de penitinsjêre ynrjochting fan Almere.
Yn de ynrjochting yn Ljouwert sitte op dit stuit hast 250 finzenen.