ABN AMRO: Fryslân rint foarop mei nijbou

Yn Fryslân wurde yn ferhâlding mear nije gebouwen en huzen boud as yn de rest fan Nederlân. Dat seit it Ekonomysk Buro fan ABN AMRO yn in ûndersyk nei regionale bousifers.
Yn de earste tsien moannen fan ferline jier gie de produksje yn Fryslân mei 15% omheech in fergeliking mei in jier earder, wylst it lanlik gemiddelde op 9% útkaam. It giet foaral om nije wenningbouprojekten. Keapwenten wurde it measte boud yn Ljouwert en op It Hearrenfean, hierwenten it measte yn Drachten en Warkum.
It is de fraach oft Fryske boubedriuwen it boutempo folhâlde kinne, seit de bank, want de oarderportefúljes sitte minder lang fol as by oare bouwers yn it lân. ABN AMRO seit wol dat de ekonomy yn Fryslân efterbliuwt. Dat uteret him ek yn legere huzeprizen en minder ferkeapen fan huzen fergelike mei de Rânestêd.